Fûgels sitte fuotbalklub dwers

© Omrop Fryslân
De oanlis fan it nije sportpark fan fuotbalklub Blauw-Wit '34 yn Ljouwert rint grutte fertraging op troch briedende fûgels. De fjilden soene oan de Drachtsterwei by Goutum komme, mar dêr briede ljippen en sweltsjes.
Nei alle gedachten kin de earste peal pas nei it briedseizoen de grûn yn. Dat is oer ûngefear acht wiken. It útstel betsjut in tebeksetter foar de fuotbalklub. Dy wachtet al skoften op it nije park.