Snits wol starters helpe

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits wol it keapjen fan in hûs troch starters makliker meitsje. Foar minsken dy't noch gjin keaphûs hawwe, is it dreech om de finansiering foar sa'n earste hûs te regeljen.
Snits wol ûndersykje oft de starters holpen wurde kinne. De gemeente soe bygelyks in liening jaan kinne, om it lêste part fan de sinteraasje rûn te krijen. Sa binne mear minsken by steat in hûs te keapjen.