Sân klachten oer fytspaden

14 maaie 2005 - 10:44

It Fytsersbûn hat oant no ta sân klachten út Fryslân krige oer de minne steat fan fytspaden. It bûn hat in meldpunt iepene dêr't minsken har klachten hinnestjoere kinne.

Mei elkoar binne der goed fjouwerhûndert klachten ynkommen. De sân Fryske klachten gean oer fytspaden yn Ljouwert, Drachten, Noardburgum, Eastrum en It Amelân. It fytsersbûn stjoert se troch nei de gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)