Nije treinen út Switserlân

© Omrop Fryslân
In bedriuw út Switserlân makket de nije treinen foar it noarden. Dat hat ferfiersbedriuw Arriva bekendmakke.
Arriva krige koartlyn de opdracht fan Fryslân en Grinslân om de kommende 15 jier it treinferkear te fersoargjen. Om dat dwaan te kinnen, wurdt no foar 100 miljoen euro 43 nije treinen kocht. It is foar it earst dat treinen fan it Switserske bedriuw Stadler yn Nederlân ride sille. Arriva hat ek kontrakten ôfsletten foar it ûnderhâld.