Vd Mark nimt rezjy yn krisis

14 maaie 2005 - 10:41

De proef mei de rommere iepeningstiden fan de hoareka op Flylân moat net dit jier, mar takom jier hâlden wurde. Dit jier kin der wol mei de gemeenteried, de befolking, de plysje en de hoareka-ûndernimmers oer praat wurde.

Mei dat foarstel wol boargemaster Van der Mark fan Flylân de bestjoerskrisis op it eilân beswarre. Hy hat it foarstel oan de fraksjefoarsitters foarlein. No tiisdei sil der oer praat wurde yn in ekstra riedsgearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)