Muskusrattebestriding yn knipe

© Omrop Fryslân
De bestriding fan muskusratten komt slim yn de knipe as in nije Europeeske rjochtline yn 2006 of 2007 echt ynfierd wurdt. Neffens dy regel meie muskusratten net mear mei fûken fongen wurde. De bisten binne dan net fuortendalik dea en lije te bot. It fangen mei klammen mei noch wol, mar ferget folle mear minsken.
Alle jierren wurde yn Fryslân 33.000 muskusratten fongen. Yn 70% fan de gefallen bart dat mei fûken.