Aris rint stadichoan leech

© Omrop Fryslân
It liket der op dat de basketballers fan Aris takom seizoen mei in hast folslein nije ploech oan de kompetysje begjinne sille. Nei Evert Jan Siderius, Rik van de Nes, Derrick Freeman en Seyni N'Diaye nimt ek forward Hans Logtenberg ôfskie van de Ljouwerters. Logtenberg krijt gjin nij kontrakt.
De klub giet derfan út dat ek de Amerikanen Brandon Woudstra, Dallas Logan en Justin Tatum net te hâlden binne.