Konsert ta betinking Troelstra

© Omrop Fryslân
By museum It Earmhûs yn Warten wurdt 27 maaie in konsert halden ta betinking fan de stjerdei fan Pieter Jelles Troelstra. It wie tongersdei 75 jier lyn dat Troelstra op 70-jierrige leeftyd ferstoar.
Komponist Pieter Bakker hat in oade makke oan Troelstra as dichter, striider en steatsman. Oan it konsert dogge ûnder oaren trije fiolisten en in sellist mei. Akteur Freark Smink spilet de rol fan Troelstra yn it stik.