Fennema volleybaltrainer Snits

13 maaie 2005 - 10:05

Martin Fennema wurdt de nije trainer fan de volleybalmanlju fan Snits, dy't sneon promovearre binne nei de earste divyzje. Fennema wie de ôfrûne seis seizoenen coach fan it manljusvolleybalteam fan Zaanstad. Mei dat team hie er it lêste jier in drege tiid, benammen troch in soad blessures.

Oer de folleybalmanlju fan Snits is Fennema tige posityf. Der sit in soad talint in de ploech, seit Fennema. Hy sil mei twa wiken oan de slach yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)