Van Dijk nei RKC

13 maaie 2005 - 10:04

Dominique van Dijk giet definityf nei RKC Waalwyk. De 23-jierrige oanfaller fan SC Cambuur tekenet by de Brabanders in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje op noch in jier. It nijs komt net ûnferwachte. In pear wike lyn waard al bekend dat Van Dijk en RKC it fierhinne iens wienen.

Dominique van Dijk hat fjouwer jier yn Ljouwert spile. Derfoar kaam hy út foar FC Grins dêr't syn heit, Jan van Dijk, yn it ferline furoare makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)