Nijpels posityf oer rampeplannen

13 maaie 2005 - 09:33
Foto: Omrop Fryslân

Fiif jier nei de ATF-brân yn Drachten, binne de rampeplannen fan alle 31 Fryske gemeenten goed by de tiid. Dat seit kommissaris fan de Keninginne Nijpels.

De provinsje kontrolearret de rampebestridingsplannen. Dêryn stiet hoe't de bewenners fan strjitten of wenwiken evakuearre wurde moatte of hokker ynstânsjes ynskeakele wurde moatte. Der binne noch wol punten fan ferbettering, seit Nijpels.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)