Rjochtsaak oer aggresive fûgel

12 maaie 2005 - 16:15

De famylje Kooistra út Koatstertille moat foar de rjochter ferskine foar it útheljen in fûgelnêst. It giet om tige aggresive mûzefalk, dy't de bern fan twa en fjouwer jier oanfoel.

De AID hat proses-ferbaal opmakke, om't it útheljen fan nêsten fan de mûzefalk strafber is. De famylje fynt dat tige nuver en makket de fergeliking mei in hûn dy't skiep oanfalt. Yn sa'n gefal wurdt in hûn faak ôfmakke, mar yn dit gefal soe de famylje neat dwaan meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)