Hestad werom nei Noarwegen
SC Hearrenfean en it Noarse Molde FK binne it iens wurden oer de transfer fan Daniel Berg Hestad. De middenfjilder stie noch in jier ûnder kontrakt by SC Hearrenfean, mar wol fanwege persoanlike problemen werom nei Noarwegen.
Molde FK wie ek de club dêr't SC Hearrenfean Hestad yn 2004 weihelle. Hy spile oant no ta fjirtich wedstriden foar SC Hearrenfean. Dêryn skoarde er fjouwer kear.
Trefwurden:
argyf