Disko Grou mooglik langer iepen

12 maaie 2005 - 12:30

Yn de gemeente Boarnsterhim komt mooglik in proef mei langere iepeningstiden foar de hoareka. B en W wolle oant 1 maaie takom jier oant fiif oere nachts iepen bliuwe yn stee fan trije oere. It fersyk komt fan de hoareka sels, om't dy yn omlizzende gemeenten wol langer iepen wêze mei.

B en W stelle wol betingsten oan de lettere slutingstiden. Sa moat de oerlêst beheind wurde en moatte der ôfspraken komme mei taksybedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)