Dales: mear budzjet foar keunst

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert hat juster pleite foar in ferheging fan ien persint fan it ryksbudzjet foar keunst en kultuer. Hy die dat doe er de KunstRAI yn Amsterdam iepene. Dy budzjetferheging stiet yn it Liberaal Manifest, dat in VVD-kommisje ûnder lieding fan Dales opsteld hat. De VVD moat dêr noch oer stimme.
Dales brûkte syn taspraak om nochris op it belang fan dy rykssubsydzje te wizen.