Mear nijbou doarpen Dongeradiel

12 maaie 2005 - 10:54

Doarpen yn de gemeente Dongeradiel meie mear nije huzen bouwe fan de gemeente. De kommende jierren meie der fjirtich ekstra nije huzen yn de doarpen delset wurde.

Oant no ta gie de measte nijbou nei Dokkum ta, mar boargemaster en wethâlders wolle it spriedingsplan foar nije wenten feroarje. Reden dêrfoar is dat yn guon doarpen grut ferlet is fan nijbouhuzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)