Parkearplan Dokkum falt goed

© Omrop Fryslân
De middenstân yn Dokkum stiet achter de CDA-plannen foar it parkearen yn it sintrum. De winkellju binne tefreden mei it tal parkearplakken.De VVD is it iens mei it CDA en dêrmei soe in mearderheid yn de gemeenteried foar de plannen wêze. It CDA hat in eigen ûndersyk dien nei wat bewenners, publyk en ûndernimmers wolle mei de ferkearssituaasje en it parkearen yn Dokkum. In parkeargaraazje oan de Acht Salichheden komt der net.