Krisis Flylân noch net oplost

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Flylân praat tongersdeitemoarn fierder oer de driigjende bestjoerskrisis op it eilân. Woansdei binne de partijen sûnder beslút útelkoar gien.
De gemeenteried wol dat der dit jier, krekt as yn 2003, in proef komt mei langere iepeningstiden fan de hoareka. It kolleezje sjocht dat perfoarst net sitten, ek omdat it hiele plysjeteam krekt ferfongen is. Tongersdei wurdt dúdlik oft wethâlder Westers bliuwe kin.