Gadingmakker foar stasjon Marrum

12 maaie 2005 - 06:49

De gemeente Ferwerderadiel is yn gesprek mei in ûndernimmer dy't him yn it âlde stasjonsgebou fan Marrum fêstigje wol. It stasjon is foar hast in heal miljoen euro opknapt, mar stiet al oardel jier leech. De gemeente is op syk gien nei belangstellenden dy't it gebou hiere wolle. It stasjonsgebou hat in hoarekabestimming.

De gemeente ferwachtet mei dizze gadingmakker ta in akkoart te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)