Boer út Ljussens mishannele

© Omrop Fryslân
De plysje hat begjin maaie trije jonges fan 17, 19 en 21 jier út Ljussens oppakt fanwege it mishanneljen fan in 50-jierrige boer út it doarp.
Oanlieding fan de mishanneling wie dat ien fan de jonges achter skiep mei lamkes oanrûn. De 50-jierrige eigner fan de bisten spruts de jonge derop oan. Syn freonen bemuoiden har dermei. Se holden de man yn de houdgreep en sloegen en skopten him. It ûndersyk rint noch.