Stekwapens yn rjochtbank

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter rjochtbank hat de ôfrûne tiid tsientallen stekwapens yn beslach nommen. Sûnt koart moatte bagaazje en besikers fan de rjochtbank troch in scan. Dêr kaam ta fernuvering fan it personiel in alarmearjend tal stekwapens by foar 't ljocht.
De ferskerpe kontrôles yn de rjocht- banken binne ynsteld nei in tal geweld- diedige ynsidinten yn rjochtsealen yn it hiele lân. De strange kontrôles yn Ljouwert bliuwe foarearst.