MS Vlieland ûnderweis nei Harns

11 maaie 2005 - 16:47

It nije skip dêr't rederij Doeksen de tsjinst nei Flylân mei útfiere sil, is woansdei ôfset by de werf op de Filippijnen. It giet om de MS Vlieland, in catamaran fan 64 meter lang, dêr't 1300 minsken op kinne. It skip is boud op in werf op de Filippijnen.

De tocht fan de Filippijnen nei Harns nimt sa'n fiif oant seis wike yn beslach. Doel is dat it skip fan 12 july ôf ynset wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)