Ynset GKB by hierêfterstân helpt

11 maaie 2005 - 16:03
Foto: Omrop Fryslân

Troch minsken mei in hierefterstân troch te stjoeren nei de Gemeenschappelijke Kredietbank (GKB) is it oantal hûsútsettings yn de gemeente Kollumerlân werombrocht. Ta dy konklúzje komt de wenningstifting yn dy gemeente.

De wenningstifting grypt tsjintwurdich earder yn by hierêfterstânnen. Mei de lêste oanmaning krije minsken ek in trochferwizing nei de GKB. Dy helpt dan by it fuortwurkjen fan de skuld.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)