Unrêst by Postbank

11 maaie 2005 - 15:18

Der is grutte ûnrêst by it personiel fan de Postbank yn Ljouwert. De minsken binne ûngerêst oer it mooglik útbesteegjen fan harren wurk. Earder dizze wike kamen twahûndert meiwurkers nei in ynformaasjejûn fan de fakbûnen.

Neffens de direksje fan it ING-konsern, dêr't de Postbank by heart, is der formeel noch neat wis en is der dus ek gjin reden foar grutte soargen. De meiwurkers leauwe dat net en tinke sels al oan aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)