Bestjoer Hellas 57 stapt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan hânbalferiening Hellas 57 út Ljouwert is moandei opstapt. Dat barde ûnder in spesjaal ynlaste ledegearkomste. Op dy gearkomste stimden de leden tsjin de plannen fan it bestjoer om út it gearwurkingsferbân mei de stichting Leeuwearden Handbalstad te stappen.
Yn dy stichting spylje de bêste spilers fan Hellas en fan de oare Ljouwerter hânbalklup Meteoor. Neffens it opstapte bestjoer giet de gearwurking te fier.