Yn juny beslút oer provinsjehûs

© Omrop Fryslân
Yn juny beslisse de steaten oer de ferbouwing fan it Provinsjehûs, in projekt fan goed 60 miljoen euro. Arsjitekteburo Soeters út Amsterdam hat de opdracht krigen en hat trije farianten ûndersocht.
Yn de earste bliuwt it súdlike part fan it gebou stean, by it twadde ek, mar bliuwt der minder romte oer. De foarkar fan DS giet út nei fariant trije. It hiele gebou wurdt dêryn sloopt útsein de monumintale stikken.