Ljouwert past regels goed ta

11 maaie 2005 - 11:28

Ljouwert giet goed om mei regels dy't it ministearje fan VROM hat foar ûnder oaren bouprosedueres en it ferlienen fan miljeufergunningen. De ynspeksje fan it ministearje hat ôfrûne simmer ûndersyk dien nei yn de Fryske haadstêd.

Yn ferliking mei eardere ûndersiken hat Ljouwert foaral saken op it mêd fan miljeubelied ferbettere. De ynspeksje fynt wol dat de gemeente syn bestimmingsplannen aktualisearje moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)