Nije doelman foar De Jouwer

11 maaie 2005 - 11:08

Hessel Altenburg wurdt de nije doelman fan sneinshaadklasser De Jouwer. De 24-jierrige Altenburg stie dit seizoen noch by sneons-tredde- klasser Balk ûnder de latte.

Altenburg wurdt de opfolger fan Jeroen Hansen, dy't tydlik by De Jouwer op 'e goal stie. Hansen is noch eigendom fan sportklub Heerenveen en wol besykje om yn it betelle fuotbal in nije klub te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)