Mooglik aksjes húsdokters

© Omrop Fryslân
De Fryske húsdokters binne teloarsteld en lilk no't minister Hoogervorst fan Folkssûnens iensidich in beslút nommen hat oer de tariven fan de húsdokters. Al tiden hawwe de minister en de húsdokters spul.
Benammen it plan fan de minister om soarchfersekerders it jild ûnder de húsdokters te ferdiele te litten is tsjin it sin fan de dokters. Dêrom litte dy it der net by sitte en beriede se har op fierdere aksje.