Hema earder nei Stiens?

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwerteradiel moat oan Ljouwert taheakke wurde. Neffens boargemaster Dales fan Ljouwert moat de klok weromdraaid wurde nei 1435, want doe foarmen de beide gemeenten noch ien gehiel.
Neffens boargemaster Dales fan Ljouwert hat in fúzje of weryndieling fan de beide gemeenten allinnich mar foardielen. Sa soe der tsien jier earder in Hema yn Stiens komme kinne en krijt Ljouwert de status fan grutte stêd