Yad Vashem útrikt yn Starum

© Omrop Fryslân
Herre van der Wal en syn frou Rimke ha tiisdei yn Starum in Yad Vashem-ûnderskieding krigen. Se krigen dy om't se yn de Twadde Wrâldoarloch de 13-jierrige joadse jonge Herman Dasberg ûnderdak jûn ha. Ek hat it echtpear Van der Wal syn namme yn in ferfalskt trouboekje set.
Dasberg, dy't no yn Israël wennet, wie oanwêzich by de útrikking. Mei de ûnderskieding eart Israël net-joaden dy't har ynset ha om joaden te rêden.