Oerrock Oerterp no ek foar bern

10 maaie 2005 - 16:26

It Oerrock festival yn Oerterp hat dit jier foar it earst in edysje foar bern. Oerrock Kids wurdt op 17 maaie holden foar alle bern fan de basisskoallen yn Oerterp, Fryske Peallen, Wynjewâld, Bakkefean en Sigerswâld en foar de bewenners fan soarchynstelling Talant.

It bestjoer fan Oerrock hat de berne-edysje opset om bern en ferstanlik handikapten tichter by elkoar te bringen. Der is ûnder oaren in optreden fan Ch!pz.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)