Hûnderten hûneriemen stellen

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de Kynologen Club Fryslân is hiel min te sprekken oer de safolste ynbraak yn it KCF-klubgebou tusken Garyp en Sumar. It ôfrûne wykein is der wer foar tûzenen euro's fernield en stellen. Der binne ûnder mear hûnderten hûneriemen en -túchjes meinommen. Dy wurde nei alle gedachten ferhannele op de swarte merk.
De ynbrekkers hawwe mei geweld de tagongsdoar fernield.