Schrijver nije trainer Snits

© Omrop Fryslân
Hans Schrijver út Paterswolde wurdt de nije trainer fan sneinshaadklasser Snits. De 43-jierrige Schrijver is op dit stuit noch assistint-trainer by FC Grins. Hy hat dêr sân jier wurke.
Schrijver hat sels ek betelle fuotbal spile. Yn de jierren tachtich kaam hy fiif jier út foar de Go Ahead Eagles út Deventer. Snits en Hans Schrijver hawwe in kontrakt tekene foar ien jier. Hy folget Henk de Jong op, dy de oerstap nei de profs fan FC Grins makket.