Minne fytspaden melde op webside

10 maaie 2005 - 14:03

Fytsers mei klachten oer de kondysje fan de fytspaden kinne dy fan tiisdei ôf melde op de lanlike webside www.fietsersbond.nl. De aksje 'Meldpunt slecht onderhouden fietspaden' duorret in heal jier. Der kinne ek foto's op de webside set wurde. Alle klachten wurde nei de gemeente stjoerd.

Alle jierren binne der 20.000 ûngemakken troch gatten, skuorren, bulten en loslizzende tegels op en yn de fytspaden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)