Bestjoer Ljeppersbûn moat bliuwe

10 maaie 2005 - 12:04

De opskuor yn it Frysk Ljeppersbûn is delbêde. Alle ôfdielings, op De Westerein nei, wolle dat it haadbestjoer har taken opnij oppakt en dat moat nije wike op in ledegearkomste syn beslach krije.

Ferline wike stapte it haadbestjoer op, om't De Westerein him net dellizze woe by it beslút fan de technyske kommisje. Dy hie de skâns fan De Westerein ôfkard. De sân ôfdielings hawwe it bestjoer frege om oan te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)