Ekstra produksje Oetker Ljouwert

10 maaie 2005 - 10:06
Foto: Omrop Fryslân

Bakproduktefabrikant Dr. Oetker slút foar de ein fan dit jier de festiging yn Koog aan de Zaan. In part fan de produksje giet oer nei de festiging fan Dr. Oetker yn Ljouwert. Dêr wurde bakmiksen en toetjes makke.

De organisaasje smyt Ljouwert sân banen op, dy't nei alle gedachten ynfold wurde troch wurknimmers fan it fabryk yn Koog aan de Zaan. Dêr wurkje no 57 minsken.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)