Ek PvdA-aksje om parkearbelied

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert krijt stipe fan de PvdA yn de striid tsjin it nije parkearbeleid fan de gemeente Ljouwert. Der moat no oant jûns tsien oere betelle wurde foar it parkearen. Dêrby is de maksimale parkeartiid in oere, sadat minsken hieltyd hinne en wêr rinne moatte foar it byfoljen fan de meter. Dat soe ûndernimmers 20% omset koste hawwe.
Ek de PvdA wol no besjen oft der net wat oan it belied te dwaan is.