Oanfarring op Waadsee

© Omrop Fryslân
By Harns hat moandeitemiddei in oanfarring west tusken in fisk-kotter en in tsjarterskip. Op it tsjarterskip sieten 26 Dútske skoalbern. Der binne gjin minsken ferwûne rekke, wol isin tal bern seesiik wurden op de rêdingsboat.
Hoe't de oanfarring ûntstean koe, is noch net bekend. De rêdingsboaten fan Harns en Skylge binne ynskeakele om de minsken fan de tsjarter te heljen. De tsjarter hat lichte skea, de kotter is fierder fearn.