Fierljepbûn wol mear leden

© Omrop Fryslân
It Frysk Ljeppersbûn wol it kommend jier hûndert nije jeugdleden werve. Nettsjinsteande bestjoerlike problemen is it bûn moandei in kampanje begûn op legere skoallen. In 'fierljep-leskiste' moat bern entûsjast meitsje om 'e pols ek ris yn te klimmen.
It fierljeppen is in lytse sport. Ferdield oer acht ferienings hat it bûn no net mear as 300 leden, wêrfan in tredde part jeugd. Mei de aksje op de skoallen moat dat tal ferdûbele wurde.
Yn de fierljepkiste sitte fideobannen, cd-roms en lesmateriaal om jeugd waarm te krijen foar it fierljepp