De Roos:ophâlde oer weryndieling

© Omrop Fryslân
Boargemaster De Roos fan Gaasterlân Sleat fynt dat bestjoerders ophâlde moatte mei it praten oer in gemeentlike weryndieling. De enerzjy kin better brûkt wurde foar it betinken fan bettere gearwurking tusken gemeenten.
De Roos seit dat nei oanlieding fan de oprop fan boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert. Dy fynt dat gemeenten yn de Súdwesthoeke neitinke moatte oer in fúzje. Neffens De Roos wurdt der al in soad gearwurke.