Jubileum foar plattelânsfroulju

09 maaie 2005 - 16:34
Foto: Omrop Fryslân

It bûn foar plattelânsfroulju bestiet dit jier 75 jier. Dat sil it bûn dizze moanne grut fiere. De start fan de festiviteiten wie moandei yn Harich.

Harich is keazen om't dêr yn 1918 al in frouljusferiening oprjochte waard. Dat wie tolve jier earder as de offisjele oprjochting fan de lanlike organisaasje. Yn Harich wie de start fan in estafette-fytstocht, bedoeld om jild yn te sammeljen foar in goed doel.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)