Fergoeding oerlêst sportkompleks

© Omrop Fryslân
De famylje Van der Poel fan De Jouwer hat 10.000 euro planskea fergoede krigen fan de gemeente Skarsterlân. De famylje wenne flakby it sportkompleks op de Jouwer. Doe't dat twa jier lyn útwreide waard, naam de lûdsoerlêst en de oantaasting fan de privacy fan de famylje bot ta.
De famylje is yntusken ferhuze. Oer de tsientûzen euro komt ek noch de rente fanôf it moment fan de oanfraach, krap oardel jier lyn.