Hearrenfean degradearret
De sneinsamateurklub AV Hearrenfean is degradearre út de Earste Klasse F. De Feansters ferlearen de lêste wedstriid yn de kompetysje fan Snits mei 0-1. Troch it ferlies bliuwt Hearrenfean alfde en dat betsjut degradaasje.
De Westerein spile yn Hengelo gelyk mei 4-4 tsjin ATC '65. Koart foar tiid wie it noch 3-4. Troch it lykspul moat De Westerein neikompetysje spylje om degradaasje foar te kommen.
Trefwurden:
argyf