Stroomstoaring: trein stiet stil

© Omrop Fryslân
In stroomstoaring hat sneintemiddei it treinferkear tusken Ljouwert en Harns en Ljouwert en Starum foar in part stillein. Reizgers moasten rekken hâlde mei in heal oere fertraging.
De stoaring wie yn de buert fan Marsum dêr't 15 transformatorhokjes derút klapten. Enerzjybedriuw NUON stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak. Nei twa oeren wie it mankemint wer ferholpen.