Wethâlder siket spijbelers

15 mrt 2012 - 17:22

Bern dy't al betiid begjinne mei fuortbliuwen fan skoalle, hawwe in gruttere kâns dat se úteinlik sûnder diploma fan skoalle ôf gean. Learplichtamtners fan de gemeente Ljouwert warskôgje de bern foar de gefolgen dêrfan.

Op de Dei fan de Learplicht hat de gemeente spesjale aktiviteiten organisearre. Underwiiswethâlder Thea Koster wie mei har team yn skoallemienskip Comenius Zamenhof. Se gie ek mei learplichtamtners en de jeugdplysje kuierjend troch de stêd om jeugd op te spoaren dy't eins op skoalle sitten moatten hie.

Jongeren krije nei tsien kear skoaltsjeskûljen al te meitsjen mei de learplichtamtner.

Trefwurden: 
spijbeljen Thea Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)