De Jouwer wis fan Amstel Cup

09 maaie 2005 - 09:16

Haadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 2-2 gelykspile tsjin Achilles '29 út Groesbeek. Troch dizze útslach is De Jouwer as tredde einige en dus binne se wis fan dielname oan it Amstel Cup- toernoai. Yn de earste helte fan de wedstriid kamen de Jousters op in 0-1 achterstân.

Yn de twadde helte wisten Johnnie Dölle en Ronnie Nolles yn fjouwer minuten tiid beide te skoaren. Yn de slotfaze makke Achilles '29 noch de lykmakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)