Plan foar plattelânsorganisaasje

08 maaie 2005 - 17:44

De fertsjintwurdigers fan lytse doarpen en doarpshuzen binne it iens wurden oer it foarmjen fan ien plattelânsorganisaasje. It giet dan om de Feriening fan Lytse Doarpen en de Stifting Gearwurking Doarpshuzen yn Fryslân.

De Lytse Doarpen organisaasje, de FLD, woe al langer sa'n plattelânsynstitút. Der leit no in blaudruk fan de wurkwize fan it nije ynstitút. Hjiroer moatte Deputearre Steaten noch in beslút nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)