HT-race: soad útfallers

© Omrop Fryslân
Fan alle 131 sloepen dy't freed meidien ha oan de HT-race, binne der úteinlik mar 36 yn it einklassemint opnaam. Dat hat de organisaasje bekend makke. Troch de hurde wyn wiene der 45 dy't úteinlik oankamen. Acht dêrfan binne lykwols diskwalifisearre, om't se yn it Schuitengat net de goede rûte folge hiene.
Noch nea earder ha der sa'n bytsje dielnimmers de einstreek helle. It team 'Skotske 4' fan Skylge hat wûn.