Agressive man oppakt yn Ljouwert

08 maaie 2005 - 14:16

Op it Ruterskwartier yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in man út Beverwyk oanhâlden troch de plysje foar mishanneling. De man wie tige agressyf en koe allinnich mei help fan pepperspray oanhâlden wurde.

Hy is yn de sel setten foar neier ûndersyk. Ek in 19-jierrige ynwenner fan Ljouwert is oanhâlden. Hy wie belutsen by in fjochtpartij yn in kafee. Hy soe in portier mishannele ha. Wat der krekt bard is, wurdt útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)